Fryske kanalen wurde geskikt makke foar gruttere skippen

15 feb 2017 - 11:15

It Van Harinxmakanaal tusken Ljouwert en it Prinses Margrietkanaal en de farwei nei Akkrum en It Hearrenfean sille geskikt makke wurde foar saneamde klasse 5-skippen. De ynvestearrings binne op dizze trajekten it meast rendabel, docht bliken út ûndersyk dat it kolleezje fan Deputearre Steaten útfiere litten hat. It oanpakken fan it Van Harinxmakanaal tusken Ljouwert en Harns en de farwei nei Drachten kin foarearst net út.

De provinsje wol de Fryske kanalen en havens geskikt meitsje foar gruttere skippen. Sechtjin prosint fan alle transport yn Fryslân bart op dit stuit oer it wetter. Dat is 7,5 miljoen ton. Yn de kommende jierren giet dat omheech nei 8,5 miljoen ton, sa is de ferwachting.

120 frachtauto's

De skipfeart giet hieltyd mear oer nei klasse 5-skippen. Sa'n skip stiet gelyk oan 120 frachtauto's. No farre der foaral klasse 4-skippen. Provinsjale Steaten nimme ein maart in beslút oer it oanpakken fan de kanalen yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)