Ljouwert siket in nije nachtboargemaster

15 feb 2017 - 11:13
Feest by de Aldehou yn Ljouwert - Foto: Foto: Plysje

Ljouwert siket in nije nachtboargemaster. Dy moat Age Dijkstra opfolgje, dy't yn 2015 nachtboargemaster waard. Hy waard foardroegen troch Jongeren en Politiek Fryslân. Dijkstra komt nei eigen sizzen hieltyd minder yn it útgeanslibben. Boppedat hat der krityk west op syn ynstelling as nachtboargemaster, wêrnei't hy it beslút naam hat om him net opnij ferkiesber te stellen.

De organisaasje siket in ferbiner tusken nacht en dei, ûndernimmers en gemeente en festivals en buerten. Kandidaten kinne harren opjaan oant 24 febrewaris.

Op 14 maart wurdt bekend wa't de nije nachtboargemaster wurdt.

Trefwurden: 
nachtboargemaster Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)