Gjin twangsom foar oannimmers om lûdswâlen Menameradiel

15 feb 2017 - 10:54

De Ried fan Steat set in streek troch twa twangsommen fan goed fiif miljoen euro foar oannimmer Grondnet B.V. en Schatzenburg B.V. Dy twangsommen wienen har oplein troch de gemeente Menameradiel, fanwegen in lûdswâl, dy't yn striid mei de fergunning oanlein wêze soe. De gemeente fûn de ierden wâl te breed, mar Grondnet bestriidt dat. De Ried fan Steat stipet Grondnet. Yn de fergunning stiet neffens de rjochters net dúdlik genôch wêr't de wâl krekt oanlein wurde mocht.

Menameradiel hie de twangsommen op mei-inoar tsien miljoen euro steld, omdat de gemeente dat jild ek kwyt is as dy de lûdswâl sels werstelle moat. Dêr kin dus no in streek troch. Boppedat moat de gemeente no de proseskosten, goed twatûzen euro, betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)