Engie kin mei de proefboarringen boppe Skier begjinne

Enerzjybedriuw ENGIE E&P Nederland B.V. kin begjinne mei proefboarringen nei ierdgas yn de Noardsee ten noarden fan Skiermûntseach. De ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat hat alle beswieren tsjin de fergunningen foar de boarringen ôfwiisd. Tsjin de útspraak is gjin heger berop mooglik.
Yn juny 2016 hat minister Henk Kamp en syn steatssekretaris fan Ekonomyske Saken in omjouwings- en natuerfergunning jûn foar twa proefboarringen mei tydlike boarplatfoarms op ûngefear fiif en sân kilometer ten noarden fan Skiermûntseach. De earste boarring kin wêze yn de perioade oktober 2017 oant en mei maart 2018. As blykt dat der genôch winber gas oanwêzich is, mei ENGIE it jier derop in twadde proefboarring dwaan.