Kollum: "Ferkiezingen"

"We ha gjin skrikkeljier. Dus je kin hjoed moai sizze: oer eksakt fjouwer wike bin der ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Eartiids seinen we dat net fjouwer wike tefoaren. Der kaam ommers net in hûn ôf op politike gearkomsten. Telefyzjedebatten wiene by foarbaat ferfeelsum, giene nearne oer. Minsken giene inkeld noch te stimmen om't se tochten dat sa hearde. As je jong wiene dan stimden je tsjin je âlden, dêrnei sieten je gewoan wer yn it âlde patroan.
De hiele mienskip is no feroare troch benammen dat twittergedoch. We wiene al sûnt ôfrûne hjerst gewaar dat der ferkiezingen komme. Elk polityk wurd is wichtiger as it is. Sjoernalistyk is neat oars mear as one-liners sykje, leafst kwetsende. Der bin op 't heden debatten oer dat debatten net trochgean. As we hjir yn it noarden witte wolle wat de politisy fan de gaswinning fine, is dat wichtiger as 700 deaden yn Syrië. Twitters, nepakkounts, trollen, ik wit net iens wat it binne, it batst allegear oer ús hinne. Ferkiezingen is elkoar mei ûnwiere swiere wurden op in strontbult smite. Fan neat is it in goarre wurden. Gefolch: 93 persint is swevende kiezer.
Ien ding is net feroare. It giet noch nearne oer. De Nederlânske kiezer lêst nammentlik gjin politike programma’s. Wit absolút net wêrom as dy skreauwers har fertsjintwurdigje wolle yn de Keamer. We witte wol wannear se te skiten geane. We rache en skelle mei har mei. Konklúzje: we krije oar in moanne in Keamer dy’t net ien ha wol. It sil ek foar gjin meter wurkje en de formaasje duorret trije jier. En wy tinke op 16 maart al wer oars, as wat we de 15e stimden.
Ik soe wol graach foar it belang fan Fryslân stimme wolle. Lokkich docht de FNP net mei want dan helje we, as we it mei syn allen dogge, ien sitsje. Sa’n soarte Sybren Posthumus dy’t yn it Frysk in maidenspeech hâldt oer integraasje van rechtsgeldige inwoners met een migratieafkomst, Fryske interpellaties oer planologische kernbeslissingen, en in Frysk subamendement yntsjinnet oer in suppletoire begroting en dêrnei in Fryske voorhangprocedure begjint oer internetconsultatie. En dan hat de keamerfoarsitter it oer Minimameradiel. Unsingedoch. Mar we dogge hjir nea wat mei syn allen, dus Sybren kin thúsbliuwe. Is ek wol goed. Ik hear no al myn hiele libben lang dat dy en dy partij it der o sa mei iens is dat it Frysk bestean bliuwt, mar it hat noch noait in soademiter úthelle. Boppedat moat we dat sels earst folle better dwaan.
Nee, eins moat it om in gefoel gean. Dat je as Fryslân mear by Nederlân hearre. Hokker partij jout ús dat gefoel no. Presys. Net ien. It moaiste foarbyld wie doe’t Roemer yn dat noardlik debat sizze moast dat it prima wie dat it noarden dy autofabryk ha wol. Hy koe it de bek net útkrije. Logysk, dy man komt út Brabân, dêr wol se dy fabryk ek wol ha. Dêr kin hy op syn persoan skoare, net as dy fabryk oan de Eemshaven stiet. Polityk is in persoanlik spultsje wurden. We moat dus ien stimme dy’t hjir weikomt. Dat ek útdraacht, want dat dogge sokken as Halbe Zijlstra net. De oare kant dêrfan is dat hy noait op sa’n silige foto stiet fan in groepke Friezen of Bilkerts dy’t al of net wat wolle en dan dêr yn Den Haach tweintich hantekeningen oanbiede oan in groepke Fryske Keamerleden. Ik begryp no werom as Lutz fuortgiet.
Nuodlik hè. En jo en ik ha noch mar in moanne. We moat mar gewoan stimme op in sakekabinet, dat yn dizze roerige wrâld gewoan docht wat der dien wurde moat, sûnder politike kleur. Dat dogge se inkeld as we mei syn allen net stimme. Dus ik soe sizze: Fryslân stim net. Mar ja, dan soe it fansels wol moai wêze as we wisten dat der wol in goede Fries of Friezinne yn dat kabinet komt, dy’t dat gefoel jaan kin dat we derby hearre. Want oars dogge we net mei. Net in âld strûk, mar in jonge, goede bestjoerder, yngreven Fries, mar linich tusken dy rânestêdelingen, sûnder polityk skaaimerk. In soarte fan Gerbrandy.
Mar sa’n ien ha we net. Sykje. We ha noch eksakt in moanne."
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.