LTO-Noord wol proeftún presyzjelânbou nei it Noarden helje

14 feb 2017 - 21:57

De proeftún presyzjelânbou kin it bêste yn Noard-Nederlân komme, fynt lânbou-organisaasje LTO. Steatssiktaris Martijn van Dam makke moandei bekend dat er 2 miljoen euro foar sa'n proeftún útlûke wol. Nije wurkwizen dy't liede nei in krektere en duorsumer lânbou moatte dêr test en trochûntwikkele wurde.

It giet dan om saken as drones dy't plantesykten opspoare, lytse robotsjes dy't tûk en goedkeap it lân bewurkje en satelliten dy't de boer fertelle wat de beste tiid is om de mais fan it lân te heljen.

Der is noch gjin lokaasje oanwiisd foar de proeftún, mar LTO-Noord is al úteinset mei de lobby om de proeftún nei it Noarden te heljen. Wêr't de proeftún krekt komt moat foar de simmer dúdlik wurde. Van Dam giet der fan út dat njonken it Ryk ek it bedriuwslibben ree wêze sil om stevich te ynvestearjen yn it projekt. It ministearje rekkenet dêrby op bydragen fan mei-inoar 8 miljoen euro. It Ministearje fan Ekonomyske Saken wol earst úteinsette mei in ûntwerpstúdzje. Ynvestearje yn ynnovaasje is needsaak om derfoar te soargjen dat Nederlân koprinner bliuwt op it mêd fan agraryske produksje en eksport, sa fynt Van Dam.

(advertinsje)
(advertinsje)