Dros wiis mei frijspraak foar plysjes nei sjitynsidint

14 feb 2017 - 21:07
Foto: Oscar Dros

Plysjesjef Oscar Dros fan de plysje Noard-Nederlân is tige wiis mei de frijspraak foar de twa plysjes dy't yn july 2013 by in achterfolging yn Ljouwert fiif kear op de achtertsjillen fan in ridende auto skeaten. "Het feit dat de collega's niet zijn veroordeeld, leidt tot enorme opluchting en blijdschap. De collega's hebben lang in onzekerheid gezeten. Dat was een hele zware periode voor deze agenten en hun familie."

Neffens Dros moatte plysjes yn guon gefallen geweld brûke om de boarger te beskermjen of de wet te hanthavenjen.

"Zij zetten een stap naar voren, waar anderen een stap terug doen. Deze uitspraak raakt alle politiemensen in Nederland." Nei it sjitynsidint besleat it Iepenbier Ministearje al gau dat ferfolging fan de plysjes net nedich wie, mar de bestjoerder fan de besketten auto wie it dêr net mei iens en begûn in artikel 12-proseduere. It gerjochtshôf besleat doe dat de saak foar de rjochtbank komme moast. Dat barde begjin dit jier.

De plysjes waarden tiisdei troch de rjochtbank frijsprutsen fan besykjen ta deaslach en swiere mishanneling. Troch rjochtsaken as dizze bestiet neffens Dros it risiko dat plysjes begjinne te twiveljen hoe't se yngripe moatte yn needsituaasjes. Dros fynt dat de plysjes yn sokke gefallen hannelje moatte fanút de eigen profesjonaliteit. "Alleen dan kunnen we blijven werken aan een veiliger Nederland", mient Dros.

Trefwurden: 
Oscar Dros plysje sjitte
(advertinsje)
(advertinsje)