Fryske plysje krijt it earste Fryske plysjehynder

15 feb 2017 - 06:00
Riemer is der klear foar

De Fryske plysje krijt woansdei it alderearste Fryske plysjehynder. De rún Riemer komt út de stâl fan Pieter Wijbenga fan Aldwâld. Oant no ta brûkte de plysje allinnich mar hynders fan it Keninklik Warmbloed Paard Nederland, mar de regels binne feroare en no meie ek Fryske hynders sjen litte wat se kinne.

Neffens Wijbenga hat Riemer de earste testen goed trochstien. Sa is der oefene mei kleden en flagen, hat er de stêd mei yn west en is der fjoerwurk by him ôfstutsen, mar Riemer bleau der deakalm ûnder.

Stâleigener Wijbenga seach al langer dat Riemer stressbestindich is, mar ek hiel moedich. Hy hat in kalm karakter en syn wil om te wurkjen is grut. As it hynder alle testen goed trochkomt sil hy ynset wurde foar it wurk op 'e dyk. De beriden plysje wurdt meastal ynset foar surveillânse, by aksjes fan de mobile ienheid en by offisjele gelegenheden. Plysjehynders binne benammen in effektyf middel by grutte groepen minsken. De plysjes sitte heech en hawwe dêrtroch in better oersjoch oer de minsken.

(advertinsje)
(advertinsje)