Fryske boargemasters ridlik beskieden mei bybanen

14 feb 2017 - 20:26
Ferd Crone - Foto: Omrop Fryslân

Ien op de fiif Fryske boargemasters hat ien of mear betelle bybanen. De Fryske boargemasters binne dêrmei relatyf beskieden yn fergeliking mei guon fan harren kollega's. Dat docht bliken út in ûndersyk fan RTL nei de bybanen fan alle boargemasters en wethâlders fan Nederlân. Yn de Top-10 fan boargemasters dy't it measte byfertsjinje steane gjin Fryske bestjoerders.

Ferd Crone fan Ljouwert komt noch it tichtst yn de buert. Hy fertjinne yn 2015 15.300 euro by mei in trijetal bybanen.

Crone fertsjinne by as foarsitter fan de Stichting Stimuleringsfonds Volkshuisvesting Nederlandse Gemeenten (12.000 euro), as lid fan de ried fan tafersjoch fan Platform 31 (2.500 euro) en as foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it KNMI (800 euro). Crone is beskieden yn fergeliking mei syn kollega Rombouts fan Den Bosch. Dy fertsjinne yn 2015 mear as 80.000 by, njonken syn beleaning as boargemaster.

De Nederlânske boargemasters hiene yn 2015 yn trochsneed 12 njonkenfunksjes. In grut part fan dy funksjes binne it gefolch fan de baan as boargemaster en wurde net ekstra betelle. Dêrnjonken binne der ek boargemasters mei 'privee-bybanen'. De bestjoerders binne ferplichte om dy bybanen én wat se dêrmei fertsjinje iepenbier te meitsjen.

Wethâlders hawwe yn trochsneed folle minder betelle bybanen as boargemasters, mar by de Top-10 fan wethâlders mei de grutste njonkenfertsjinsten stiet wol in Fries. Wethâlder Doeke Fokkema is njonken syn baan as wethâlder ek nochris foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan ROC Het Friese Poort. Fokkema fertsjinnet mei dy njonkenfunksje 13.248 euro yn it jier.

RTL besocht ferskate kearen om de gegevens op te freegjen by alle Nederlânske gemeenten. Net alle gemeenten joegen ek antwurd. De nijsorganisaasje krige gjin of mar hiel beheind gegevens fan de gemeentes Dongeradiel, Frjentsjerteradiel en Ljouwerteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)