Dochs gjin fiskfivers yn Winaam

Winaam krijt dochs gjin fiskfivers. Neffens de inisjatyfnimmers hat de lange amtlike reis harren de kop koste. Ferline moanne krigen se lang om let grien ljocht fan de gemeenteried fan Harns, dy't ynstimde mei de bestimmingswiziging fan de grûn dêr't de fivers komme soene. Mar ûndertusken luts it Waadfûns de subsydzje fan oardel ton yn.
Boppedat moasten se in folle grutter stik grûn fan Steatsboskbehear keapje. Dat soarget mei-inoar foar in finansjeel gat fan trije ton en dêrom hawwe se de stekker út it projekt lutsen.
De inisjatyfnimmer freget de gemeente no om de bestimming werom te draaien nei sa't dy wie, nammentlik lânbougrûn. Se binne wol frustrearre oer de gong fan saken. Se hawwe in soad tiid en jild yn it projekt stutsen en as de prosedueres wat flotter gien wiene, hiene de saken der hiel oars foar stien. "Het werd een gebed zonder eind", sa seit Floris Sinnema, ien fan de inisjatyfnimmers.