Brantsje yn Verstolkstrjitte Ljouwert

Oan de boppeferdjipping is frijwat skea © Anton Kappers
Yn de Verstolkstrjitte yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei koart brân west. De brân wie op de boppeferdjipping fan in wenhûs. Wêrtroch it fjoer ûntstean koe is noch net bekend. By de koarte, mar fûle brân soe de boppeferdjipping folslein útbaarnd wêze. By de brân kaam in soad reek frij. Dy wie yn de fiere omkriten te sjen. Yntusken is it sein 'brand meester' jûn. It liket der op dat der gjin minsken ferwûne rekke binne by de brân.
De ynset fan de brânwacht wie der op rjochte om te foarkommen dat it fjoer oerslaan soe nei de buorlju. Dat slagge.