FIDEO: Hilariteit yn Twadde Keamer om Fryske gemeentenammen

14 feb 2017 - 17:17

It wie in komysk tafriel tiisdeitemiddei yn de Twadde Keamer. By de behanneling fan de weryndieling fan de Fryske gemeenten, rekke Keamerfoarsitter Khadija Arib yn 'e betizing troch de Fryske gemeentenammen. It koste har sichtber muoite de gemeentenammen korrekt út te sprekken, wat foar fermaak soarge by de Keamerleden. Sa makke Arib fan Menameradiel 'Minimaradeel'.

De moasje waard nettsjinsteande de ferkearde útspraak fan de gemeentenammen wol mei in mearderheid oannaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)