Finzenis- en wurkstraffen foar brûken falsk jild

jild © Omrop Fryslân
In man en in frou út Snits ha finzenis- en wurkstraffen krigen, omdat se falsk jild yn omloop brocht ha. De twa bestelden fia ynternet falske bryfkes fan 50 euro. Se betellen der 15 euro it stik foar. It falske jild brûkten se om fia Marktplaats tablets, spulkompjûters en mobile telefoans te keapjen. Dy ferkochten se dan wer troch.
De twa Snitsers ha har selstraffen al yn foararrest útsitten. De man krige der in taakstraf fan 240 oeren oerhinne, de frou 160 oeren.