FIDEO: Malta yn 'e ban fan Kulturele Haadstêd

De ynwenners fan de Malteeske haadstêd Valletta binne hiel bliid dat harren stêd takom jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. De stêd is dat tegearre mei Ljouwert. Noch net sa lang lyn wie de stêd flink fertutearze en ûnfeilich. En dat, wylst Valletta sûnt 1980 op de wrâlderfguodlist fan UNESCO stiet.
Malta is sûnt 2004 lid fan de Europeeske Uny. Sûnt dy tiid is der jild út EU-fûnsen beskikber dat brûkt wurdt om Valletta op te knappen. De Malteeske oerheid set bot yn om fan Valletta in toeristeplak te meitsjen. Yn kombinaasje mei de titel Kulturele Haadstêd makket de stêd in flinke oplibbing troch.
Der binne de lêste tiid nije kafees, restaurants en hotels bykommen. De yntree fan 'e stêd wurdt opknapt, lykas in grutte itensmerk yn it sintrum fan 'e stêd. It 'National Museum of Fine Arts' ferhuzet nei in nij en grutter plak. Boppedat organisearret Valletta 2018 no al in soad aktiviteiten dy't minsken wer nei de haadstêd fan Malta ta lûke. It is noch wol ôfwachtsje oft al it opknapwurk foar 2018 klear is. It nije museum is pas healwei 2018 iepen.
Op Finster op Fryslân stiet in wiidweidiger ferhaal en in fideo oer Valletta. Kommende tiid ferskine hjir noch mear ferhalen en fideo's oer de stêd.