Sjittende plysjes frijsprutsen fan deaslach en mishanneling

14 feb 2017 - 14:36
Foto: ANP XTRA

Twa plysjes dy't yn 2013 yn Ljouwert op in ridende auto sketten hawwe, binne troch de rjochtbank frijsprutsen fan poging ta deaslach en swiere mishanneling. De plysjes achterfolgen de auto, neidat de bestjoerder nei it tanken fuortriden wie sûnder te beteljen. Dêrby ried de auto mei hege snelheid troch de beboude kom. Ek waard in tal plysje-auto's ramd en ried de bestjoerder oer de foet fan in plysje.

Om de man dochs stilhâlde te litten, skeaten de plysjes fiif kear op ien fan de achtertsjillen fan de auto.

De rjochtbank fynt dat se dêrby soarchfâldich hannele hawwe en it libben fan de bestjoerder en de oare ynsittenden net yn gefaar brocht hawwe. Besjoch ek de útspraak fan de rjochtbank. 

Trefwurden: 
plysje Ljouwert sjitterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)