OSG Sevenwolden wint provinsjale Lagerhuis-wedstriid

It debatteam fan de lokaasje Fedde Schurer fan OSG Sevenwolden hat de provinsjale finale fan de debatwedstryd 'Op weg naar het Lagerhuis' wûn. Sevenwolden naam it yn it provinsjehûs yn Ljouwert op tsjin acht oare teams. Se moasten debattearje oer in ferskaat oan stellingen, wêrûnder ien oer Kulturele Haadstêd.
Alle provinsjale winners treffe elkoar op 31 maart yn de lanlike finale. It giet om de grutste debatwedstryd fan ús lân, dy't sûnt 1997 organisearre wurdt troch de VARA.