Prekariobelesting moat bliuwe sizze guon gemeenten

14 feb 2017 - 14:12
Foto: Omrop Fryslân

De prekariobelesting, de heffing oan netbehearders foar it gebrûk fan gemeentegrûn, moat bliuwe. Dat skriuwe de boargemasters en wethâlders fan de gemeenten Opsterlân en East- en Weststellingwerf yn in brief oan minister Plasterk.

Hy hat besletten de belesting ôf te skaffen omdat dy net earlik wêze soe. Nutsbedriuwen berekkenje de heffing troch oan al har klanten, wylst dy faak yn in oare gemeente wenje as de gemeente dy't de belesting ynbart.

De prekario mei net mear ferhege wurde en oer tsien jier is it hielendal dien mei dizze heffing. Dat skeelt de gemeenten flink wat ynkomsten. Foar Opsterlân en East- en Weststellingwerf giet it om oardel miljoen euro yn it jier per gemeente. Dat betsjut op termyn dat der foarsjenningen ferdwine of dat lêsten omheech gean, sa warskôgje de trije gemeenten. Sy fine it net mear as logysk dat netbehearders dy't gemeentlike grûn brûke, dêr foar betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)