Wurkstraf fan 120 oeren easke tsjin Pieter Buisman

14 feb 2017 - 13:46
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin âld-steatelid Pieter Buisman fan Drachten is tiisdei by de rjochtbank yn Ljouwert in wurkstraf fan 120 oeren easke fanwege fertsjustering fan goed 17.000 euro subsydzjejild. Dat jild wie mids 2014 troch de provinsje oermakke nei de Stichting Ondersteuning Statenfractie Buisman, neidat Buisman in pear moanne earder by de PVV weigien wie. Buisman gong troch as selsstannige fraksje. Hy wie foarsitter en ponghâlder fan de stichting. It jild fan de provinsje wie bedoeld foar it wurk yn 'e Steaten.

Buisman hat op ferskillende mominten bedraggen oermakke nei syn priveerekken. Dat die er omdat er syn eigen beliedsmeiwurker wie.

It Iepenbier Ministearje ferwyt Buisman dat er nea mei de provinsje oerlein hat. Ek net nei in brief yn septimber 2014 mei dêryn it skriuwen dat Buisman gjin personiel oannommen hie. Neffens de offisier fan justysje hat Buisman fierstente min inisjatyf toand. Johan Jorritsma, de kommissaris fan de Kening fan doe, akseptearre de útlis fan Buisman net en die oanjefte fan fertsjustering. De provinsje wol it jild werom ha. De Ljouwerter rjochtbank docht oer fjirtjin dagen útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)