FNP komt mei in moasje oer it Biltsk

14 feb 2017 - 13:11

De FNP komt woansdei mei in moasje foar de erkenning fan it Biltsk as streektaal. Mei de moasje wol de partij de Bilkerts in hert ûnder de riem stekke dy't beskerming, erkenning en aksje fan de oerheid freegje foar har taal en identiteit.

FNP wurdfierder Corlienke de Jong wiist derop dat it Biltsk as streektaal it meast manifeste elemint is fan in sterk fielde lokale Biltske identiteit. 'Wy stypje de Bilkerts yn it stribjen nei erkenning en sjogge ek wol it risiko dat it Biltsk aanst ûndersnijt yn de nije grutte gemeente Waadhoeke."

De Jong: "Dêrom is it no saak om dingen yn it foar goed te regeljen. It Biltsk hat al in erkenning krigen as streektaal yn it provinsjaal belied. Mar it soe goed wêze dat de Bilkerts ek in posysje krije yn it Europeesk hânfêst foar lytse talen, en yn it nije gemeentlike taalbeliedsplan, dat no opsteld wurde moat yn ferbân mei de fúzje."

Trefwurden: 
Biltsk FNP moasje
(advertinsje)
(advertinsje)