Friezen krije it faakst in reade roas mei Valentijnsdei

14 feb 2017 - 12:37

Friezen krije mei Valentijnsdei it faakst fan alle Nederlanners in reade roas. Dat docht bliken út ûndersyk fan BloemenLatenBezorgen.nl oer dit jier en foarich jier. Njoggen op de 100 ynwenners fan ús provinsje kinne tiisdei in roas ferwachtsje. Ynwenners fan Snits, Drachten en Ljouwert hawwe binnen de provinsje de measte kâns op in roas. Nei Fryslân krije minsken yn Súd-Hollân en Seelân it faakst in roas. Yn Limboarch wurde se it minst besoarge.

Yn de lanlike list fan stêden dêr't de measte roazen besoarge wurde, stiet Snits op it fjirde plak. Allinnich yn Rotterdam, Eindhoven en Amsterdam wurde mear roazen besoarge per 100 ynwenners. Foar blommesaak Blomke fan Romke yn Ljouwert is Valentijnsdei in topdei. 

Trefwurden: 
Valentijnsdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)