Mear priisjild foar de Rely Jorritsmapriis

14 feb 2017 - 12:20

It priisjild fan de Rely Jorritsmapriis wurdt flink heger. It winnende fers smyt tûzen euro op, dat wie twahûndert euro. Foar de skriuwer fan it winnende ferhaal leit ek tûzen euro klear, oant no ta wie dat achthûndert euro. Mei elkoar giet it om tsientûzen euro. It Rely Jorritsma Fûns woe it priisjild lyk lûke. Boppedat is der mear jild beskikber.

De prizen foar de Junior Rely, foar bern tusken de 12 en 18 jier, bliuwe gelyk. De Junior Rely wurdt fan 2018 ôf organisearre troch de Afûk. Dy past net yn it fûns, fynt it bestjoer.

Trefwurden: 
Rely Jorritsmapriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)