"De REC yn Harns kin tydlik ticht"

14 feb 2017 - 11:27
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De ôffaloven yn Harns kin tydlik ticht. Dat seit de steatefraksje fan de Partij voor de Dieren. Neffens steatelid Rinie van der Zanden is it provinsjaal bestjoer der net yn slagge om it fertrouwen fan de omwenners te winnen. ''Vertrouwen komt te voet en gaat te paard. Je wint het zeker niet terug met dwangsommen waar omwonenden helemaal niets aan hebben.''

Oanlieding foar de útspraak binne twa ynsidinten yn desimber en febrewaris, wêr't neffens de fraksje út bliken docht dat de direksje de prosessen yn de oven net ûnder kontrôle hat.

De fraksje sil hjir woansdei ûnder Provinsjale Steaten fragen oer stelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)