Nijbou Stenden kin de maaibeam pleatse

14 feb 2017 - 11:21
Ympresje fan de nijbou - Foto: Stenden Hegeskoalle

Op hegeskoalle Stenden yn Ljouwert fiere se tiisdei dat it heechste punt fan de nijbou berikt is. De skoalle hat te min romte. Oan de efterkant fan it gebou wurdt 3300 kante meter byboud. Yn de nijbou komme trije ferdjippingen mei deryn ûnder oare in kolleezjeseal. De bou moat ein 2017 klear wêze, wêrnei't de nije oanwinst yn de rin fan 2018 yn gebrûk naam wurdt. De kosten binne sa'n 10 miljoen euro.

Trefwurden: 
Stenden hegeskoalle maaibeam
(Advertinsje)
(Advertinsje)