Utkyktoer Bosberg is no ek troulokaasje

De Bosbergtoer by Appelskea biedt in wiid útsicht © www.ooststellingwerf.nl
De nije útkyktoer op De Bosberg by Appelskea is fan tiisdei ôf ek beskiber as troulokaasje. Neffens de gemeente Eaststellingwerf giet it om in unyk plakje op it heechste punt fan Fryslân. Wa't belangstelling hat, kin kontakt opnimme mei de ôfdieling boargersaken. De toer is tiisdei fanwege Valentijnsdei langer iepen. Hy giet net om fiif oere middeis, mar om njoggen oere jûns op slot.