Lotting fan groeiende Kuorbal Wrâld Cup yn it peaskewykein

14 feb 2017 - 07:52
Basketbalje yn it Kealledykje - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

It grutte ynternasjonale kuorbaltoernoai, de Kuorbal Wrâld Cup ûnder de 19, jier hat de groei te pakken. Foar de 22e edysje yn it peaskewykein fan 13 oant en mei 16 april dogge santjin lannen mei. Argentinië, Mongoalië en Ivoarkust binne foar it earst fan de partij. De wedstriden wurde spile yn sportsintrum Kealledykje en yn de Camminghahal yn Ljouwert.

De lotting fan dizze 22e edysje wie moandeitejûn.
Pûl A: Nederlân, Sinees Taipei, Dútslân, Tsjechië, Dominikaanske Republyk en Marokko
Pûl B: België, Portugal, Ingelân, Kalaloanië, Sina en Ruslân
Pûl C: Argentinië, Yndia, Ivoarkust, Mongoalië en Poalen

Trefwurden: 
kuorbal Wrâld Cup
(Advertinsje)
(Advertinsje)