Skoalbern folgje skries fan Fryslân nei Mauritanië

13 feb 2017 - 21:58

Fjouwer plattelânsskoallen yn de Greidhoeke slaan de hannen ynien om de skries werom te krijen yn it Fryske lânskip. Troch middel fan in fernijende ûnderwiisfoarm, it saneamde 'ûndersykjend learen' en it 'ferhalend ûntwerpen', wurde de skoalbern aktyf belutsen by de bedrige greidefûgel de skries.

De bern meie sels it lân yn en folgje de bisten op de rûte nei it suden, nei Mauritanië, en werom nei Fryslân. It is de bedoeling dat de bern sels oanjouwe wat se krekt leare wolle.

Op 1 maart set it skriezeprojekt útein. De skoallen dy't meidogge, binne It Bynt yn Winsum, de Stjelp yn Baard, De Opslach yn Wommels en De Romte yn Itens.

Trefwurden: 
Greidhoeke skries
(Advertinsje)
(Advertinsje)