Partij sulverwurk fûn yn Westerpark yn Ljouwert

13 feb 2017 - 21:46
De partij sulver bestiet foar it grutste part út teeleppeltsjes - Foto: Facebook Plysje Ljouwert en omkriten

De plysje is op syk nei de eigener fan in partij sulverwurk. It sulver waard moandei yn in winkelpûde yn it Westerpark yn Ljouwert fûn troch boartsjende bern. It giet benammen om teeleppeltsjes en taartfoarkjes, mar der sitte ek opskepleppels, in servetring en in taartskeppe by. It guod is nei alle gedachten stellen.

De eigener en dejingen dy't witte fan wa't it sulverwurk is, kinne harren melde by de Ljouwerter plysje.

Trefwurden: 
sulver Westerpark Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)