Ferlies foar beloften Cambuur en Hearrenfean

13 feb 2017 - 21:30
Fuotbalfjild - Foto: ANP

De belofte-alvetallen fan Jong Hearrenfean en Jong Cambuur hawwe moandei ferlern. Cambuur waard thús mei 4-0 ôfdrûge troch Jong NAC Breda. Binnen 20 minuten stie it al 3-0 foar NAC. Krekt doe't Cambuur werom like te kommen, skoarde NAC opnij en wie it definityf oer foar de Ljouwerters.

Jong Hearrenfean gie thús mei 2-1 it skip yn tsjin Jong Feyenoord. Hearrenfean kaam noch op foarsprong troch in goal fan Michel Vlap. Feyenoord stelde dêrnei oarder op saken troch doelpunten fan Vejinovic en Basacikoglu.

Troch it ferlies fan moandei ferspilen de Feansters de kopposysje yn de reservekompetysje pûl A oan Feyenoord. Se stean no ien punt achter op de Rotterdammers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)