Jagers kinne 40 euro de foks krije foar ûndersyk

13 feb 2017 - 21:17

Jagers yn Fryslân en Utrecht nimme yn febrewaris en maart bloed ôf by sketten foksen. Sy wurkje sa mei oan in ûndersyk fan de jagersferiening yn gearwurking mei it Dutch Wildlife Health Centre. Dat nasjonaal sintrum docht ûndersyk nei sykten by wylde bisten. It ûndersyk moat ynfeksjesykten by foksen opspeure.

Foar elke slagge bloedôfname krije de jagers 40 euro fan de jagersferiening. Se krije neffens wurdfierder Titus Sijmonsma fan de jagersferiening yn Fryslân ark om ien en oar goed út te fieren. Der binne sechstich bloedmeunsters nedich.

Trefwurden: 
Foks jager bloed
(Advertinsje)
(Advertinsje)