Wurkstraf nei stellerij hânboeien en glydmiddel foar de kick

In 20-jierrige ynwenster út de gemeente Tytsjerksteradiel en har 19-jierrige freondinne út Ljouwert binne feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst. Se waarden yn july ferline jier pakt foar in rige stellerijen. Yn Ljouwert namen se by ferskate winkels ûnder oare in tube glydmiddel en hânboeien mei.
De jonge froulju ferklearren foar de plysjerjochter dat se it guod foar 'de kick' pikten. Njonken de straf ûnder betingst, komme beiden ûnder tafersjoch fan de reklassearring.