Moksels yn kratsjes moatte eilantsje Gryn behâlde

13 feb 2017 - 20:42

By Gryn wurdt yn maart in proef dien mei moksels. Oan de noard- en súdkant fan it Waadeilantsje komme twa stroken fan 800 by 200 meter. Dêr komme kratsjes mei moksels te stean. De skulpdieren moatte harren hechtsje oan de kratsjes, sadat se net fuortspiele en mokselbanken ûntstean.

Eartiids soargen seegersfjilden en mokselbanken der op in natuerlike wize foar dat it eilân oerlibje koe. Dy binne der no net mear en se lykje ek net op natuerlike wize werom te kommen, sadwaande dizze proef.

Wichtichste fraach by de proef is hokfoar effekt mokselbanken hawwe op de beskerming fan it eilân. Mei de metoade is earder ûnderfining opdien op de Feugelpôle by It Amelân.

Trefwurden: 
moksel Gryn
(Advertinsje)
(Advertinsje)