Rêdingsboat sleept garnalekotter nei haven Lauwerseach

13 feb 2017 - 20:21
De LO14 wurdt nei de haven sleept - Foto: KNRM

Garnelefiskersskip LO14 is moandei yn problemen rekke foar de kust fan Skiermûntseach. Dat meldt de KNRM. It skip hie maleur mei de motor en de skipper sloech dêrom alarm. De ferfangende rêdingsboat De Christien is nei it skip ta fearn en hat it op sleep naam. It skip is dêrnei yn goede oarder nei de haven fan Lauwerseach ta brocht.

Trefwurden: 
LO14 KNRM Skiermûntseach
(Advertinsje)
(Advertinsje)