"Gambia is no wer feilich foar toeristen"

13 feb 2017 - 20:02

Yn Gambia libje minsken fan it toerisme. As toeristen net mear komme, stoart it lân folslein yn. Dat seit Piet Pasma fan Hjerbeam. Hy wie trije wiken lyn op fakânsje yn Gambia, doe't hûnderten toeristen halje-trawalje út dat lân wei roppen waarden.

De situaasje wie net mear feilich, omdat de presidint de macht net oerdrage woe. Pasma seach minsken mei masinegewearen achter de sânsekken sitten. Hy moast fan it iene op it oare momint út syn hotelkeamer wei. De earste reizgers gean sa njonkelnlytsen dy kant wer op.

Pasma sels stapt nije wike wer op it fleantúch rjochting Gambia. Hy ropt oaren op om itselde te dwaan. "It is no wer feilich," seit er, "dêr bin ik wis fan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)