Marijke Twerda: "Alle kij gean hjir dea"

13 feb 2017 - 18:07

"It is drûchte op drûchte. Der is gjin kâns op werstel." Dat seit Marijke Twerda fan Bûtenpost dy't foar it Reade Krús yn Etiopië wurket. Alve miljoen minsken yn Etiopië, Kenia en Somalië driigje dea te gean fan de honger.

"It is in grut sângebiet. It is hjit, de beammen hawwe gjin blêden. De kij, geiten en kamielen hawwe gjin gers. Se binne meager en gean dea." De minsken hawwe gjin iten. It Reade Krús fiert wetter oan mei tankweinen en bewenners krije iten om te oerlibjen. Der is 13 miljoen euro nedich foar needhelp.

Op lange termyn moatte der ek oare maatregels komme, seit Twerda. "Der moat ek jild komme om better gebrûk te meitsjen fan de rein dy't der al falt. Putten slaan dy't langer meigean en gewaaksen dy't better tsjin de drûchte kinne. Dy moatte der op lange termyn foar soargje dat minsken it better hawwe."

De drûchte en hongersneed is net yn it hiele lân. "Etiopië is in grut lân mei hûndert miljoen ynwenners. Rûchwei seis miljoen ynwenners wurde bedrige. En it giet hieltyd om ien en itselde gebiet dat faak troffen wurdt. Dat komt om't minsken net folle kâns hawwe om harren oan te passen oan de drûchte. Se libje fan seizoen nei seizoen. En as der gjin rein falt, hawwe se in probleem."

Neffens Twerda binne klimaatferoaringen de oarsaak fan de drûchte. "Eartiids waard it gebiet ien kear yn de tsien jier troffen troch in drûge perioade. No ien kear yn de twa of trije jier. Dan is der gjin tiid om te werstellen."

It Reade Krús is net de iennige organisaasje dy't help jout yn it gebiet. "De oerheid wurket ek hurd mei, en oare organisaasjes ek. It is wichtich dat wy gearwurkje, sadat wy gjin dûbeld wurk dogge. Der moat ek gjin sprake wêze fan kompetysje."

(advertinsje)
(advertinsje)