Swalker krijt seis wiken sel foar kopstjit

13 feb 2017 - 17:56
(stockfoto) - Foto: ANP

In 47-jierrige swalker út Ljouwert is feroardiele ta seis wiken selstraf. De man hie yn septimber foarich jier yn in oanrinhûs yn de stêd in frijwilliger in kopstjit jûn. De reden dêrfoar wie dat de swalker it oanrinhûs net yn mocht en dêrtsjin yn protest kaam. De frijwilliger rekke troch de kopstjit ferwûne oan syn holle. Dit hie sa'n grutte ympakt op him, dat er ophâlden is mei syn wurk.

Trefwurden: 
kopstjit sel swalker
(Advertinsje)
(Advertinsje)