Low Car Diet moat Friezen duorsum reizgje litte

13 feb 2017 - 16:56
Foto: Omrop Fryslân, Abe Visser

Mei in wedstriid kinne Friezen sa duorsum mooglik reizgje. De Low Car Diet wedstriid hat as doel om safolle mooglik meiwurkers fan bedriuwen en oerheidsynstânsjes op in duorsume wize reizgje te litten, dus mei it iepenbier ferfier of de fyts. Of minsken kinne thúswurkje. De gemeente Ljouwert en Wetterskip Fryslân dogge al mei. De mobiliteitswedstriid begjint 27 maart en duorret oant en mei 21 april.

Sûnt de start fan Low Car Diet yn 2012 ha al 5.000 minsken meidien en 200 direkteuren fan sa'n 200 organisaasjes. It projekt makket diel út fan it begjin nei twa fossylfrije mobiliteitswiken yn july 2018, by Kulturele Haadstêd.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat twa jier nei ôfrin fan de wedstriid dielnimmers noch hiletyd duorsumer reizgje. Se binne in kwart minder yn de auto stapt en in tredde mear yn de trein.

Trefwurden: 
Low Car Diet mobiliteit
(Advertinsje)
(Advertinsje)