Twa fertochten oppakt foar hannel yn harddrugs yn NE-Fryslân

© ANP
De plysje hat twa minsken oanhâlden foar hannel yn harddrugs yn Noardeast-Fryslân. Ien fan harren, in man út De Westereen, is in bekende fan de plysje. Hy hat alris earder fêstsitten foar drugshannel. De plysje hie sinjalen krigen dat er dêr wer mei oan de gong wie. Doe't se der ûndersyk nei diene, kaam ek in oarenien yn byld. Dy man komt út de gemeente Tytsjerksteradiel.
De plysje fertinkt de twa manlju derfan dat se al in skoft mei de hannel oan de gong wiene. Se sitte foarlearst fêst.