St. Juste twa wedstriden skorst foar reade kaart

Jerry St. Juste fan SC Hearrenfean © awfoto.nl
Jeremiah St. Juste en Sportklup Hearrenfean akseptearje it skikkingsfoarstel fan in skorsing fan twa wedstriden plus ien wedstriid ûnder betingst. Hy kriget de straf fan it fuotbalbûn KNVB fanwegen de reade kaart tsjin AZ, ôfrûne snein. De 20-jierrige ferdigener mist hjirtroch de útwedstriid tsjin FC Twente fan kommende sneon en de thúswedstriid tsjin Roda JC, nije wike.