Yllegale permaninte bewenning yn fakânsjeparken

13 feb 2017 - 15:58

By in kontrôle yn rekreaasjeparken yn Weststellingwerf hat de gemeente tweintich minsken fûn dy't dêr offisjeel net wenje meie. Se stean op in oar adres ynskreaun of se wenje dêr langer as dat mei. Permanint wenje yn in rekreaasjewente mei net yn de gemeente Weststellingwerf. It komt wol hieltyd faker foar en dêrom kontrolearret de gemeente geregeld.

It is noch net dúdlik wat mei de minsken dy't yn oertrêding binne, barre sil. Dêr oerleit de gemeente tiisdei oer.

(advertinsje)
(advertinsje)