Ljouwerter skoalbern kinne bliksem-staazje dwaan

13 feb 2017 - 15:14
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ljouwerter skoalbern kinne tenei in nij soart staazje folgje. As ien fan de trije stêden yn Nederlân komt Ljouwert mei de bliksem-staazje. Bern rinne dêrby yn groepkes in heale dei mei by in bedriuw. Se krije in rûnlieding, mar doel is ek dat se echt oan de slach gean. Achterlizzende gedachte by de bliksem-staazje is dat bern sa in bettere kar foar in ferfolchoplieding meitsje kinne. Learlingen fan de skoalmienskippen Comenius en Piter Jelles en it Nordwin College kinne meidwaan oan de flits-staazje.

Dy begjint kommende woansdei offisjeel, mei in ôftraap troch wethâlder Harry van der Molen fan Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)