De stim fan Tjipke: "Protte wurden, gjin dieden"

Tjipke Rottiné (44) fan De Westereen hat in dierespesjaalsaak. "Persoanlik ha ik neat mei de Haachske polityk. Mar se bepale wol de regels foar myn saak. In pear jier lyn stienen hjir ynienen 28 plysjes foar de doar. Ik hie medisinen foar dowen yn de hannel en dat mocht net mear. It like wol oft ik in drugsbaron wie, sa grut wie dy ynfal. Mar ik mei it guod net ferkeapje, wylst it op ynternet en yn Dútslân frij te ferkrijen is."
"As ik simpele dingen as in slymoplosser of wjirmtabletsjes foar katten of hûnen net mear ferkeapje mei, kin it foar my ek net mear út. Foar soks moatte minsken nei de feedokter, mar dat kostet in hoop jild. Bist al 30 euro kwyt sûnder dat er wat er dien hat."
Tjipke Rottiné hat noch noait stimd. "Dy iene kear dat ik te stimmen soe, leinen se it mantsje om. Pim Fortuyn wie wol in ferstannich man fûn ik. Yn de polityk is it in protte wurden, mar gjin dieden. Ik ferjit noait dat Wim Kok by it fakbûn meunsterachtige dingen die, mar by de PvdA fûn ik it in lamlul, sorry dat ik sa sis. As ik te stimmen soe, soe myn stim nei Wilders gean, mar ik gean net te stimmen. Folle minder as dat it no is, kin it net wurde."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezingen. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezingen op ús ferkiezingsside.