Soad Fryske boeren ûndersykje ferhuzing nei it bûtenlân

Dútslân, Denemarken, Kanada en Frankryk. Dy lannen binne it meast yn tel by boeren dy't der oer tinke om nei it bûtenlân te ferhúzjen. Agrarysk makeler Agri-vastgoed yn Ljouwert hat it der sûnt in healjier mar drok mei. Ut sifers fan Centraal Bureau voor de Statistiek CBS docht bliken dat tusken 2010 en 2015 sa'n hûndert Nederlânske boeren ek echt nei it bûtenlân gien binne.
Fanwege de nije fosfaatregels kinne dat der de kommende tiid wolris mear wurde, ferwachtet Agri-vastgoed.
De belangrykste redenen foar boeren om yn in oar lân opnij te begjinnen binne de strange regels yn Nederlân, de hege grûnpriis, de problemen om in bedriuw of bedriuwsútwreiding te finansieren en de lege molkpriis. By Agri-Vastgoed binne se ek drok mei de hannel yn agraryske bedriuwen binnen Nederlân. Fanwege de stoppersregeling dy't it Ryk freed bekend makke, wurdt ferwachte dat de kommende moannen in soad boeren op leeftyd it bedriuw ferkeapje sille. Ek finansjele problemen kinne der by guon boeren ta liede dat se der foar kieze om op te hâlden.