Sjauffeurs AB Transport krije wurkwike fan fjouwer dagen

De sjauffeurs fan AB Transport Group op It Hearrenfean krije dochs in wurkwike fan fjouwer dagen. Personiel en direksje ha har skeel dêroer bylein. De direksje hat de nije wurktiden mei yngong fan jannewaris ynfierd, mar de sjauffeurs wiene it der net mei iens. Se soene minder oeren draaie en dêrom minder fertsjinje en faker wykeins wurkje moatte. De fakbûnen drigen mei aksjes, mar beide partijen binne it úteinlik iens wurden. Der komt in oeregarânsje foar de sjauffeurs en it tal brutsen tsjinsten is beheind. CNV is tefreden oer de útkomst.