Is de wurkdruk op basisskoallen te heech? Lit it ús witte

(stockfoto) © Omrop Fryslân
Folle klassen, in soad administraasje en bulten wurk om nei te sjen dat jûns nei wurktiid noch leit te wachtsjen. Wurkesto op in basisskoalle en kenst dysels werom yn dit byld fan in hege wurkdruk? Of is de wurkdruk krekt hielendal net heech yn it basisûnderwiis? Al jierren wurdt der oer praat en ek de ûnderwiisynspeksje is op de hichte fan it probleem. Mar wat binne de ûnderfiningen fan de masters en juffen sels? Lit it ús witte en folje it kontaktformulier yn.
Jild en ynfallers
Mear jild beskikber stelle is in oplossing foar de hege wurkdruk op basisskoallen. Learkrêften kinne amper siik wêze of in frije dei opnimme, want ynfallers binne der ek hast net mear troch de nije wet. Troch dy wet meie ynfalkrêften mar seis kear ynfalle, dêrnei moatte se in fêst kontrakt krije. Faak krije se dat net en dat betsjut dat se in healjier net mear ynfalle meie. As der gjin ferfanging is, moatte de bern dan mar gewoan nei hûs? Minsken mei in lesfoech wurde frege om dan mar in dei foar de klasse te stean. Of is der neat oan de hân en giet it goed mei de Fryske skoallen?
Undersyk
Omrop Fryslân docht mei oare regionale omroppen en de NOS ûndersyk nei de wurkdruk fan learkrêften yn it basisûnderwiis. Folje it kontaktformulier yn en we nimme kontakt op om te hearren wat dyn ûnderfiningen en ferhalen binne.