Alle útkaarten foar healebekerfinale AZ-Cambuur útferkocht
Alle útkaarten foar de healebekerfinale tusken AZ en SC Cambuur yn de KNVB beker binne útferkocht. Moandeitemoarn gienen by de kassa's fan it Cambuurstadion de lêste kaarten yn de ferkeap. Guon supporters stienen in oere yn de rige om oan in kaartsje te kommen. In soad supporters waarden teloarsteld doe't om kertier oer alven dúdlik waard dat der gjin kaarten mear wienen.
1100 supporters sille besykje om de ploech fan trainer Sipke Hulshoff yn Alkmaar nei de oerwinning te razen. Sy wurde mei sechtjin bussen oer de Ofslútdyk ferfierd.
De healebekerfinale wurdt spile op tongersdei 2 maart. It is foar it earst dat SC Cambuur sa fier kaam is yn it bekertoernoai. Earder waarden ûnder oare Ajax en FC Utrecht troch de Ljouwerters útskeakele.