Wurdumer hellet fideo-auto fan de ferkearsplysje yn: boete

13 feb 2017 - 11:34
Foto: ANP

By in ferkearskontrôles op de Wâldwei waard de fideoauto fan de plysje sneintejûn ynhelle troch in automobilist (46) út Wurdum. De man ried 147 kilometer de oere op in plak dêr't 100 it maksimum is. De man negearde it stopteken en naaide út. Nei in achterfolging koe de plysje de man yn Techum oanhâlde. Hy ried mei drank op en moast syn rydbewiis ynleverje.

Ek in autorider fan It Hearrenfean moast syn rydbewiis ynleverje. Hy ried 120 kilometer op de A6 by De Jouwer, dêr't fanwege wurksumheden 70 it maksimum is.

De bestjoerder fan in auto mei in hast folslein hockeyteam krige sneintejûn ek in boete. De man waard yn Ljouwert oan de kant set omdat hy tsien minsken ferfierde yn in auto mei sitplak foar 5 minsken.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)