Fearboaten ha lêst fan lege wetterstân troch eastewyn

13 feb 2017 - 11:07
Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Rederijen Doeksen en Wagenborg ha moandei in soad lêst fan de hurde eastewyn. Dêrtroch stiet it wetter yn de Waadsee leech en moatte beide rederijen har feartsjinsten nei de Waadeilannen oanpasse of ekstra skippen ynsette. De ôffearten fan It Amelân fan 10.30, 16.30 en 18.30 oere sille wol op tiid fertrekke, trochdat Wagenborg it twadde skip yn sil sette om de fertragingen yn te rinnen.

De fearboat fan Harns nei Skylge giet moandei om 16.00 oere, in oare letter as gewoan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)