"Ien op de sân keallen oerlibbet it earste libbensjier net"

13 feb 2017 - 10:22
Keal

Ien op de sân keallen oerlibbet it earste libbensjier net. It giet jierliks om sa'n 350.000 keallen en dat is folle mear as in pear jier lyn. Dat seit aksjegroep Dier en Recht. Dy basearret him op ûndersyk fan de Gezondheidsdienst voor Dieren. De aksjegroep jout de skaalfergrutting yn de melkfeehâlderij de skuld. Dêrtroch soe der minder oandacht foar it wolwêzen fan de kealtsjes wêze.

De aksjegroep is in petysje begûn. Yn dy petysje roppe se suvelkoöperaasje FrieslandCampina op om wat te dwaan oan it hege tal keallen dat jong stjert.

Yn it jier 2015 gie yn Nederlân 13,3% fan de registrearre kealtsjes dea yn it earste libbensjier. Yn 2009 wie dat 9%. Neffens 'Dier & Recht' krije kealtsjes op guon pleatsen mar in bytsje omtinken, omdat de ekonomyske wearde ek net al te grut is. Neffens saakkundigen kin de keallestjerte werom nei 5% as de soarch foar de bisten yn oarder is. Op pleatsen dêr't kealtsjes langer by de mem bliuwe is de keallestjerte net grutter as 7%.

Trefwurden: 
keal keallen Dier & Recht
(advertinsje)
(advertinsje)