Bern yn Tytsjerksteradiel fytse yn tsjuster by Sintrale As

13 feb 2017 - 10:21

It nije fytspaad by de Sintrale As hat yn de gemeente Tytsjerksteradiel gjin ferljochting, wylst yn de gemeente Smellingerlân wol ferljochting is. Bern fytse dêrom tusken Burgum en De Tike yn it tsjuster, dêrnei steane der lantearnepeallen. Alden en bern yn Sumar fine it gefaarlik en binne benaud foar ûngelokken. Doarpsbelang Sumar wol graach ferljochting ha, mar de gemeente jout oan dat it in beslút fan de provinsje is, om't it in provinsjale dyk is.

Jantine en Maaike fytse alle dagen fan Burgum nei har skoalle yn Drachten. "It is bêst gefaarlik, witst net wêr't it fytspaad ophâldt, rydst sa de berm yn. De wite strepen op de dyk kinst hast net sjen mei it fytsljocht." Se fytse altyd mei har beiden, dan kin ien om help belje, mocht der wat gebeure.

De provinsje jout oan dat de kar fan it net ferljochtsjen belied is. Der soe gjin iepenbiere ferljochting yn it bûtengebiet komme, allinnich by tunnels en krusingen. Fan De Tike ôf is oriïntaasjeferljochting pleatst. Dat hat de gemeente Smellingerlân by it begjin fan de oanlis fan de Sintrale As ôfpraat.

Willem de Boer, projektlieder fan de Sintrale As, seit dat er sjen sil nei de wite markearingsstrepen op it paad en dat it ûnderwerp op de bestjoerlike tafel komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)