Kollum: "Bûter, brea en griene cheese"

13 feb 2017 - 09:00

"Ofrûne freed wie ik te gast op it Prins Claus Concert yn Emmen, op útnûging fan deputearre Sietske Poepjes. Doe’t har sikretaresse my in wike dêrfoar belle, tocht ik earst dat it in grapke wie. Mar se wie serieus en fertelde tusken noas en lippen troch dat der ek noch in dresscode wie: tenue de ville. “Gjin gala, gelokkich”, lake se. “Gelokkich”, lake ik werom. Mar gjin idee wat tenue de ville wie.

Dus ik nei it telefoanpetear fuort googleje. Blykt dus dat froulju yn in jurkje moatte en op hakken.

Wa’t my in bytsje kin wit dat ik noch noait fan myn libben hakken oan hân ha, lit stean in jurkje. Ik ha twa rokjes yn de kast lizzen, beide mei it logo fan de kuorbalklup der op en allinnich oan hân by in wedstriid. Dus myn earste reaksje wie: dit is neat foar my. Ofmelde. Sorry Sietske.

Mar doe tocht ik wer oan myn goeie foarnimmens foar 2017. Ien dêrfan is wat mear út de ‘comfort zone’. Wat mear doarre dus. Iepen stean foar nije dingen. Dus ôfrûne freed stie ik op hakken, yn in kreaze broek - dat dan wer wol - by it Prins Claus Concert. En doe kaam it, want ik koe der fansels gjin kop, útsein foarmjouster Yka van der Veen dy’t ik sels meinaam hie. As twa moskjes yn in hok fol papgegaaien stiene wy om ús hinne te sjen.

“Wist seker dat wy hjir goed binne?”, flustere Yka my yn it ear. Ik seach ris om my hinne en helle de skouders op. “Binne der tafallich net mear Nynke van der Zee’s”, frege se. Dus ik neitinke. En samar ynienen skrok ik. Der is nammentlik in Nynke van der Zee dy’t wurdfierder is by Rykswettersteat. Rykswettersteat en Sietske Poepjes, it past presys. Rukker, tocht ik. It sil toch net? Dat ik elkenien ferteld ha dat ik in date mei Sietske ha en dat se per ûngelok de ferkearde Nynke útnoege hat.

Dat bange fermoeden waard noch grutter doe’t we by de yngong fan de itensseal stiene. Dêr moasten we ús kaartsjes sjen litte foar in plakje oan de provinsjetafel. Mar ik hie gjin kaartsjes. “Mevrouw, die heeft u met de post ontvangen als het goed is.” Al wat der mei de post kaam wie, gjin kaartsjes. Ik seach mysels al wer nei de parkeargaraazje stroffeljen op myn hakken om de auto te starten en werom te riden nei Fryslân.

Mar it foel mei. De kaarten leine noch yn de entreehal en ik blykte de goeie Nynke van der Zee te wêzen. Utnoege troch de deputearre om it oer it Frysk te hawwen. Sietske wol mear omtinken jaan oan it Frysk, mar hoe krekt, dat is no de fraach. Under it iten ha wy it der efkes oer hân, mar fanwege alle taspraken bleau der net in soad tiid oer. Dus echt in geniaal antwurd koe ik har net jaan.

Dit wykein ha ik der fansels oer neitocht. Ik tocht oan alle bern by ús op de basisskoalle dy’t heech Hollânsk prate, ek al binne heit en mem Frysk. Ik tocht oan reedrydster Floor van den Brandt dy’t ús trije wike lyn in net mis te ferstean inkijkje joech yn hoe’t sy as outsider ús Fryske taal in grutte barriêre fynt. En ik tocht oan de Belestingtsjinst dy’t nettsjinsteande de wetjouwing wegeret myn Fryske ferslagen te lêzen. It liket de ferkearde kant op te gean mei ús Fryske taal.

Mar der wie dit wykein ien ljochtpuntsje. Reedrydster Nao Kodaira, dy’t dit wykein de wrâldtitel pakte op de 500 meter. De Japanske sprintster trainde in pear jier by Team Continu en wenne al dy tiid yn in buorkerij yn Wolvegea. Dêr is it siedsje plante foar har leafde foar Fryslân en de Fryske taal. Want nei ôfrin fan har earste wrâldtitel spruts se freed de sin dêr’t wy as Friezen it meast grutsk op binne: “Bûter, brea en griene ‘cheese’, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.”

Dizze beskieden Japanse joech my wer hope. Se lit ús sjen dat it kin. Ast mar iepen stiest foar elkoar kinne der hiele moaie dingen groeie. Iepen stean foar nije útdagings, in konsert op hege hakken bygelyks. It rint miskien yn it begjin wat wibelich, mar komst der úteinlik folle fierder mei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)